FK Pealsitten: noch trije man

26 sep 2010 - 12:32

Op de lêste dei fan it Frysk Kampioenskip Pealsitten yn Warns binne noch trije dielnimmers oerbleaun. It giet om Willem de Heij fan Aldetrine, Jonne Verheij út Harns en Douwe Menger fan Balk. Jan Droogsma fan Koudum joech sneontejûn op nei 47 oeren en 39 minuten. Syn paraplu wie stikken wylst it eaze en doe hie er syn nocht.

As de trije oerbliuwers sitten bliuwe oant sneintejûn wint Willem de Heij, want dy hat 13 kear it skoft fan tsien minuten oerslein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)