Jild foar 'Sneekologie'

Snits lûkt 4000 euro út foar it hâlden fan kursussen Sneekologie. Dat hawwe B & W besletten. By de kursus komme de dielnimmers mear fan de stêd te witten, troch bygelyks rûnliedingen en in jûn oer de Snitser taal.
De kursus bestiet al wat langer en kin rekkenje op aardich wat belangstelling. Foar 4000 euro kinne twa sokke kursussen yn it jier hâlden wurde, foar 20 dielnimmers per groep. De kursisten moatte dan sels ek noch in bydrage fan 25 euro betelje.