Deade man fûn yn Harns

De brânwacht en de plysje yn de haven (foto: Anton Kappers)
Yn it wetter fan de Nieuwe Vissershaven yn Harns is sneontejûn in deade man út it wetter helle. Nei alle gedachten giet it om de Portugeeske man fan 39 jier, dy't sûnt 17 septimber fermist waard. Nei in jûn stappen kaam de man net werom nei in fiskkotter oan de Noorderhaven.
It stoflik omskot waard oantroffen yn de buert fan de fiskfeiling. De technyske resjerzje hat ûndersyk dien. De brânwacht fan Harns hat holpen by it bergjen fan it lichem.