Ferlies ONS op eigen fjild

Haadklasser ONS Snits ferlear op it eigen fjild mei 3-1 fan DVS'33. Yn de earste helte kamen de Snitsers 1-0 achter. De ploech út Ermelo kaam nei it skoft op in fertsjinne 2-0 foarsprong. Martijn Roosenburg miste foar ONS yn de twadde helte ek noch in penalty. Rudy Mann makke it iennige doelpunt foar de Snitsers. It is it earste ferlies yn de kompetysje foar de ploech fan trainer Jan Vlap.
De oare haadklasser Drachtster Boys wûn mei 2-0 fan Berkum.