Pot cappucino fan 4600 liter

Yn Drachten is sneon de grutste pot cappuccino fan 'e wrâld set. Yn 'e tsjettel sit 4600 liter. Dat is goed foar in plak yn it Guiness Book of Records.
De stunt wie foar de iepening fan in bedriuw dat automatenkofje ferkeapet. Binnendoar waard de kofje set en bûtendoar stie in tsjettel oanklaaid as megagrutte kop kofje. Mei twa man waarden de speesjekupen kofje oer in trep nei de boppekant fan 'e superkop tild en der dêr yn leechgetten.