"Mear Fryske les op skoalle"

Fryske bern moatte op skoalle folle mear Fryske les krije, oars sil de Fryske taal ferdwine. De provinsje soe dat feroarje kinne en soe dêrom it foech krije moatte oer it ûnderwiis yn Fryslân, ynstee fan it ministearje fan Underwiis. Dat sei Earste Keamerlid Hindrik ten Hoeve sneon by de jierlikse Betinking fan 'e Slach by Warns. Dat wie dit jier foar de 65e kear.
In kommisje besjocht op dit stuit oft oerdracht fan it foech mooglik is.