Lestige drankriders oppakt

Twa ynwenners fan Ljouwert binne freedtejûn op 'e Archipelwei yn 'e Fryske haadstêd oanhâlden foar riden ûnder ynfloed fan alkohol en ferset by oanhâlding. De plysje seach de auto fan de 27-jierrige man en de 29-jierrige frou slingerjen.
By kontrôle die bliken dat de man te folle alkohol op hie. Hy woe net meiwurkje en de 29-jierrige frou bemuoide har der ek mei. Beide fertochten binne oerbrocht nei it plysjeburo.