CDA praat nei CDU oer krimp

Europeeske regio's moatte gearwurkje om mei-inoar de krimp op it plattelân oan te pakken. Dat fine it CDA en de Dútske susterpartij CDU. Plattelânsgebieten rûnom hawwe te krijen mei deselde problemen, It giet om minder ynwenners, skoallen dy't slute en supermerken dy't ferdwine.
De politike partijen praten sneon mei-inoar op in konferinsje yn it Dútske Emlichheim flak oer de grins by Coevorden. Foar Fryslân is CDA-er Wim Eilering derby.