Plysjeman brekt foet

25 sep 2010 - 13:33

In plysjeman hat freed op 'e Joustermerke de foet brutsen. Hy siet achter in Jouster (20) oan dy't in mobile tillefoan stellen hie en 250 xtc-pillen by him hie. De fertochte wie op 'e Slúsdyk útnaaid. By de achterfolging ferstapte de plysje him en bruts er de foet.

De fertochte is net oanhâlden, mar hy is wol bekend by de plysje. Fierders wie der noch wat lytse opskuor. Dochs sjocht de plysje mei tefredenheid werom op de Joustermerke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)