Undersyk nei sintrumplak SBB

25 sep 2010 - 11:14

Oer twa of trije wike moat dúdlik wurde wat de mooglikheden binne om it besikerssintrum fan it Drents Friese Wold te ferpleatsen nei Appelskea. No is it besikerssintrum fan Steatsboskbehear in ein bûten it doarp, by de bosken fan Terwiske.

De Grontmij docht op dit stuit ûndersyk nei in ferpleatsing. Alle jierren lûkt it besikerssintrum 180.000 besikers. De gemeente soe dy besikers graach yn it doarp hawwe wolle, benammen oan de Boerestreek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)