LC fernijt foarmjouwing

25 sep 2010 - 10:28

De Ljouwerter Krante is sneon yn de eigen krante nei bûten kaam mei plannen foar nije foarmjouwing. It giet om in nije kop, in oar lettertype, in nije pagina-yndieling en nije kolumnisten. De oare media, lykas de webside, de radio, Facebook, iPhone en iPad wurde ek better mei de krante ferbûn. De nije media krije in wichtiger plak by de LC.

Neffens haadredakteur Hans Snijder krijt de nije krante in 'rêstige, deftige en gedegen' útstrieling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)