Noch 4 pealsitters yn 'e race

25 sep 2010 - 10:04

By it Frysk kampioenskip pealsitten yn Warns binne trije dielnimmers opholden. It giet om Sjoerd Grouwstra, Ruurd Abma en Henderik Schurer. Abma hat it 26 oeren folholden, Grouwstra 29 oeren en Schurer 33,5 oere. De twadde nacht sûnder sliep wie foar trije dielnimmers te swier.

Der binne noch fjouwer dielnimmers oer en dy krigen sneontemoarn in dikke bui. Pealsitter Jan Droogsma tinkt net dat hy de 72 oeren folhâldt, dy't nedich binne foar in nij rekôr.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)