Skroef frachtskip weromfûn

© Omrop Fryslân
Bergers fan Skylge ha fan 'e wike in grutte skroef út de Noardsee helle. De skroef is in pear wiken lyn as deklading fan it dek de see ynskood. Bergingsbedriuw Friendship Offshore hat it fûn. De skroef is 28 ton swier. Der is mei spesjale sonarapparatuer nei socht. It duorre wol efkes foardat de skroef fûn waard en oan board wie.
Hy lei oan de noardwestkant fan Skylge. Ryk wurde de bergers net fan de fynst. Oer de fergoeding wurdt noch ûnderhannele mei de fersekerder.