Man ferliest ljedder op A7

24 sep 2010 - 14:38

In 37-jierrige autorider fan Haulerwyk is tongersdeitemiddei bekeurd neidat de man op de A7 by De Like syn ljedder ferlear. De man hie de ljedder net goed fêst makke oan it dak fan syn bedriuwsauto.

De ljedder foel fan de auto en twa oare auto's rieden oer de ljedder hinne. De auto's rekken sa swier skansearre dat se fuortsleept wurde moasten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)