Narsingh makket debút yn basis

24 sep 2010 - 12:50

Luciano Narsingh makket sneon syn debút yn de basis by Sportklup Hearrenfean. De rjochtsbûten mocht tsjin Emmen ynfalle en soarge fuort foar twa assists. Roy Beerens is noch net fit genôch, mar hy sit wol op de bank.

Ek Arnold Kruiswijk begjint wer yn de basis. Oussama Assaidi krijt rêst en syn plak wurdt ynnaam troch Viktor Elm. Mika Väyrynen mei ek wer begjinne, lykas Michal Svec. Breuer foel tsjin Emmen út, mar is wer fit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)