Rustenberg net tsjin Den Bosch
Sportklup Cambuur moat it tsjin Den Bosch dwaan sûnder linksback Randy Rustenberg. De ferdigener hat in blessuere oan de ljisk. Ek Sandor van der Heide, Robert van Boxel en Nuelson Wau binne der noch net by.
Oft Reza Ghoochannejhad spylje kin is noch in fraachteken. Hy hat lêst fan de skynbonke. Mark de Vries begjint op de bank. Hy komt werom fan in blessuere oan de hamstring. Leon Hese kin wer meidwaan nei twa wedstriden skorsing.
Trefwurden:
argyf