Fjochtpartij op Jouster merke
De plysje hat tongersdeitenacht mei wapenstok en plysjehûn in ein makke oan in fjochtpartij op de Jouster merke. De plysje waard ek oanfallen troch ferskate oanwêzigen neidat de plysje in dwerse dronken man oanhâlde woe. Twa plysjeminsken krigen klappen en in plysjefrou waard oan har hier lutsen. Ferskate rúzjesikers binne troch de plysjehûn biten.
In kroechbaas hie de help fan de plysje ynroppen doe't der in fjochtpartij wie yn syn saak.
Trefwurden:
argyf