Frou oanriden op A32

In noch ûnbekende frou is freedtemoarn by It Hearrenfean swier ferwûne rekke doe't de ûnferwachts en rinnend de A32 oerstuts. De frou, tusken de 40 en 50 jier âld, stuts de A32 oer by de ôfslach nei Oranjewâld. In automobilist koe har net ûntwike.
De frou rekke swier ferwûne oan har skonken en de holle. Se is mei de traumahelikopter nei it sikehûs brocht. De sneldyk fan It Hearrenfean nei Wolvegea hat in skoft ôfsletten west, mar is no wer iepen.