A'karspelen besuniget foars

De gemeente Achtkarspelen besuniget de kommende fjouwer jier 2,5 miljoen euro. Alle organisaasjes dy't stipe krije fan 'e gemeente wurde 10 % koarte. Ek de muzykskoalle en de biblioteek moatte foars besunigje.
It gemeentebestjoer wol de minima yn de gemeente safolle mooglik ûntsjen. Dochs wurdt besjoen oft de Lauwerspas, dêr't je koarting mei krije kinne by ûnder oare winkels, skrast wurde kin. Neffens wethâlder Antuma wurdt der te min gebrûk fan makke.