Matchracers hawwe noch kâns

24 sep 2010 - 09:21

Sylster Brechtje van der Werf fan Snits hat mei har ploech noch hieltyd kâns om de kwartfinales te heljen op it wrâldkampioenskip matchracen yn Amearika. Yn de herkânsing wûnen de Nederlânske froulju yn harren groep fiif fan de seis races. Dertroch einigen se twadde yn de pûl.

Foar in plak yn de kwartfinale folget in beslissingswedstryd tsjin de nûmer ien út de oare groep. De earste boat dy't twa races wint giet in ronde fierder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)