Kâlde nacht foar pealsitters

24 sep 2010 - 08:01

De dielnimmers oan it Frysk kampioenskip pealsitten yn Warns ha der in drege earste nacht opsitten. Der wie in soad rein en tonger. Troch de kjeld binne de dielnimmers wurch.

Yn de pauzes krije se waarme sop en droege klean. Alle sân dielnimmers dogge noch mei. It kampioenskip sette tongersdeitejûn foar de fiifde kear útein. De dielnimmers besykje om oant sneintejûn acht oere sitten te bliuwen. Dernei wurdt sjoen wa't it it langste folhâldt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)