Frysk Deiblêd wol fernije

23 sep 2010 - 21:59

It Frysk Deiblêd wol bot fernije. Sa moat de krante tenei ferskine op tabloidformaat en moat der mear gebrûk makke wurde fan it ynternet en oare nije techniken. Ek moat it kristlike karakter sterker wurde. Om dat foar elkoar te krijen hawwe se in plan yntsjinne by it fûns Vernieuwingsgelden voor de pers.

De kosten fan de operaasje wurde rûsd op in pear ton en dat moat fan it fûns komme. It is no ôfwachtsje of se dat jild krije.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)