Auto oer de kop yn Drachten

23 sep 2010 - 18:44

By in ûngelok op de Dr. Martin Luther Kingsingel yn Drachten binne tongersdei oan fe ein fan de middei twa minsken ferwûne rekke. Dit nei oanlieding fan in botsing tusken twa auto's. Hjirby kaam ien auto op de sydkant telâne. De brânwacht fan Drachten moast der ek oan te pas komme.

Beide ferwûne minsken binne oerbrocht nei it sikehûs. De plysje hat fierder ûndersyk dien nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)