Nije namme basketbaldivyzje

23 sep 2010 - 18:01

De earedivyzje basketbal giet dit seizoen fierder ûnder de namme Dutch Basketball League, de DBL. Basketbalklup Aris út Ljouwert komt ek út yn dy kompetysje. De nije namme is betocht om basketbal in better imago en mear oantrekkingskrêft te jaan. De nije hússtyl komt werom yn publikaasjes en op buorden om it fjild hinne.

De kompetysje yn de earedivyzje giet sneon fan start. Aris spilet dan de thúswedstriid tsjin Bergen op Zoom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)