Helpmatte foar revalidaasje

23 sep 2010 - 16:55

Friezen dy't by in revalidaasje opnij rinnen leare, hoege dêr ynkoarten net foar nei it suden fan it lân. Yn Beetstersweach komt de earste Lokomat fan Noard-Nederlân. Dy kin minsken mei in beroerte of in dwersleasy helpe om wer te rinnen.

De bedoeling is dat it revalidaasjesintrum yn 2011 it apparaat krijt, allinnich it jild is der noch net. De Lokomat kostet 350.000 euro. It Revalidatiefonds set út ein mei in spesjale jildaksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)