Alternatyf foar besunigings

23 sep 2010 - 15:53

FNP en GrienLinks yn 'e Steaten wurkje oan in alternatyf plan foar de provinsjale besunigings. De FNP is it iens mei de 22 miljoen, mar yn it útstel fan deputearre steaten wurdt de Fryske mienskip te bot troffen. Foar de oanlis fan diken wurde wol grutte bedraggen útlutsen, seit Kramer.

GrienLinks-fraksjefoarsitter Irona Groeneveld is it net iens mei de miljoenen dy't besunige wurde op natoeroankeapen. Tal fan organisaasjes wurde ek te hurd troffen, seit se.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)