Fúzje falt net min by CNV

23 sep 2010 - 15:07

Fakbûn CNV hâldt soarchfersekerder De Friesland en Achmea oan de ôfspraken dat der gjin ûntslaggen falle troch de fúzje. De Friesland hat sein krekt mear minsken yn fêste tsjinst nimme te wollen.

CNV Dienstenbond fynt it goed nijs dat De Friesland en Achmea beide behâlden bliuwe foar Fryslân. Omdat Achmea De Friesland oernimt, nimt it fakbûn oan dat net ien derop achterút giet. Achmea hat in bettere cao. It fúzjetrajekt duorret fiif jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)