Plysje-ûndersyk stellen kabels
De plysje ûndersiket de stellerij fan in grutte partij grûnkabels. De 45 rôlen mei dêrop 55 meter kabel leine op in frachtwein dy't parkeard stie op it terrein fan in bedriuw oan 'e Yndustrywei op 'e Jouwer. De frachtauto waard dêr sneontemoarn delset. In meiwurker fan it bedriuw ûntduts de stellerij de jûns.
De skea rint yn 'e tsientûzenen euro's. De plysje siket tsjûgen fan 'e stellerij.
Trefwurden:
argyf