LED-lampen yn Aqua Zoo

Aqua Zoo hat de ôfrûne wiken de ferljochting yn it bistepark ferfongen troch duorsume LED-ferljochting. It giet dan om hast 400 tl-buizen en halogeenspots.
Oer it gebrûk fan LED-ferljochting yn ferbliuwen fan eksoatyske bistesoarten is net folle bekend. It is ek ûnbekend oft dat ynfloed hat op it gedrach fan de bisten. De fersoargers sille de kommende moannen it gedrach en de sûnens fan 'e bisten goed yn 'e gaten hâlde.