Wurkwizer helpt wurkleazen

Wurkleazen yn 'e gemeenten Snits en Wymbritseradiel wurde mei in projekt oan in baan holpen. Jongeren tusken de 18 en 27 jier dy't te lang sûnder wurk sitte, moatte ferplicht dielnimme oan Wurkwizer. Se krije dan sosjaal wurk oanbean om yn lytse stappen klearmakke te wurden foar de arbeidsmerk.
It projekt Wurkwizer is begjin dit jier út ein set. De gemeenten Snits en Wymbritseradiel binne der no mei begûn. Boargemaster Apotheker iepene de Wurkwizer woansdei yn Snits.