Himmelwykein strân Skylge

Foto: Omrop Fryslân
Leden fan de Waadferiening sille no sneon op in grut part fan it strân fan Skylge rotsoai oprêde. Dat bart yn it ramt fan it tredde Waadwurkwykein fan freed oant en mei snein.
It hiele wykein binne der aktiviteiten lykas lêzings en ekskursjes. De Waadferiening wurket dêrfoar gear mei ûnder oare Steatsboskbehear, Rykswettersteat en de gemeente Skylge. De skjinmakaksje wurdt fierder stipe troch de stichting Nederland Schoon.