Provinsje besuniget 22 miljoen

23 sep 2010 - 11:08

De provinsje besunigt takom jier mear as 22 miljoen euro omdat it ryk de provinsje foar dat bedrach koartet. De grutste klap falt by it lanlik gebiet. Dêr wurdt sân miljoen euro besunige troch gjin lân mear oan te keapjen foar nije natoer.

Dêrneist besuniget de provinsje seis miljoen euro op de eigen organisaasje. Boppedat hâldt de provinsje op mei it ekstra jild dat de jeugdsoarch no noch krijt boppe-op it jild dat it ryk jout.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)