Minsken belje oer brânlucht

23 sep 2010 - 10:15

Meardere minsken yn Snits hawwe yn de nacht fan woansdei op tongersdei de plysje belle, om't se tochten dat der earne in fûle brân wie. Se rûkten in sterke brânlucht. Troch de lucht gie sels it brânalaarm yn it gemeentehûs ôf.

De brânwacht koe neat fine. Letter waard dúdlik wat de oarsaak fan de sterke brânlucht wie. Yn de kop fan Oerisel stie reid yn 'e brân en dy lucht gong yn de rjochting fan Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)