Gau oare dokter nei Aldegea

22 sep 2010 - 17:29

Dokter Van der Tholen út Aldegea (Sm.) wol 1 novimber de praktyk oerdrage oan in opfolger. Foar freed moat er superfisy en waarnimming foar dy lêste perioade regele ha. Yn it doarp nimt de ûnrêst ta. Guon minsken ha har al oerskriuwe litten nei in oare praktyk. Doarpsbelang folget de saak op de foet en sil de Aldegeasters gau ynformearje.

De Dokterswacht lit witte noch hieltyd beskikber te wêzen foar spoedeaskjende help foar pasjinten út Aldegea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)