Protest garnalefiskers helpt

22 sep 2010 - 15:07

Lulke garnalefiskers ha woansdei mei sukses aksjefierd by garnaleferwurker Heiploeg yn Zoutkamp. De fiskers, ûnder oare út Harns, blokkearden de yngong fan it bedriuw om't se in hegere minimumpriis foar har garnalen ha wolle.

Heiploeg betellet 2 euro 25 de kilo. Dat bedrach leit ûnder de kostpriis. De direksje fan de garnalehanneler hat nei oerlis mei de fiskers de priis ferhege nei hast 3 euro. Dêr binne de fiskers foarearst mei akkoart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)