Smeding Sint Anne wreidet út

Smeding yn Sint Anne wreidet flink út. It haadkantoar en distribúsjesintrum fan de gruthannel yn ierappels, griente en fruit, sil fan 12.000 nei goed 20.000 kante meter.
De groei komt troch de feroarjende merk. De konsumint wol mear en mear duorsum tylde griente. Ek gearwurking mei hoarekagruthannel Sligro hat foar groei soarge. Smeding sil ek twa miljoen euro stekke yn in nij automatisearingsysteem.