Ien SP-er yn Steaten

Steatelid Jacob van der Hoek bliuwt oant de ferkiezings yn maart it iennichste lid fan de SP yn de steaten. It plak fan de opstapte Richard Klerks wurdt net opfolle. De minsken op de reservelist binne net mear lid fan de SP of net beskikber. De SP bestie út fjouwer leden.
It lanlike partijbestjoer wol net dat de SP meidocht oan de ferkiezings foar de gemeenteried yn Súdwest-Fryslân. Dêrom stapten Ad van de Kolk en Enno Bruinsma op.