Frachtwein mei hennep pakt

22 sep 2010 - 10:55

De plysje hat tiisdeitejûn fjouwer manlju oanhâlden. Se rieden yn in frachtwein fol mei hennep. Der wie in Snitser (48) by. Plysjes seagen de frachtwein by in hûs oan de Leerlooistrjitte yn Snits weiriden.

Doe't se de auto oan de kant setten, rûkten se in sterke henneplucht. De wein siet fol mei planten. Yn it hûs oan de Leerlooistrjitte stiene nochris 700 planten. De plysje docht ûndersyk. De wein en planten binne yn beslach naam. De fjouwer mannen sitte fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)