Wassenaar op It Fean fallyt
It bedriuw Wassenaar Technyk op It Hearrenfean is troch de rjochtbank fallyt ferklearre. By it bedriuw wurkje alve minsken. Wassenaar makket hydraulyske silinders.
It fallisemint soe te krijen ha mei ferkeard management. Der is jierren wurke oan in nij produkt, mar dêrmei binne flaters makke. Dat hie as gefolch dat der skeaklaims en folle minder oarders binnen kamen.