Jonge stekt fyts yn 'e brân

03 apr 2012 - 10:56

Yn De Pein is moandei in 16-jierrige Noardburgumer oanholden foar fernieling en stellerij. Nei in melding fûn de plysje tsjin in stek op de Nijtap in fyts dy't yn de brân stie. De plysjes seagen de 16-jierrige rinnen en sprutsen him oan. Doe't er him net legitimearje koe waard er oanholden.

Tsjûgen hiene de jonge mei in oanstekker sjoen by it stek. Hy waard oerbrocht nei it buro en dêr die bliken dat er twa identiteitskaarten hie dy't net fan himsels wiene. De kaarten binne yn beslach naam en de jonge waard ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)