Frou ferwûne yn Ousterhaule

In frou (60) út Ousterhaule is tiisdei slim ferwûne rekke by in ûngelok yn har eigen doarp. De frou soe de Jetze Veldstrawei oerstekke en seach in auto kommen. Se tocht dat se de dyk noch wol oer koe, mar de 48-jierrige automobilist út Ousternijegea koe har net mear ûntwike.
De frou is mei ferwûnings oan har holle en skonk mei de traumahelikopter oerbrocht nei it sikehûs yn Grins.