Soarchfersekering net djoerder

Soarchfersekerder De Friesland wol foarkomme dat in fersekering takom jier djoerder wurdt. Dat seit de soarchfersekerder nei oanlieding fan de begrutting dy't tiisdei bekend makke waard op Prinsjesdag.
De Friesland begjint mei spesjale sportprogramma's foar skoallen en minsken dy't siik binne. Troch dy groepen oan it sporten te krijen, hopet de fersekerder syktes te foarkommen en hoecht it basispakket net djoerder te wurden.