SC Hearrenfean troch yn beker

Sportklup Hearrenfean hat in plichtmjittige oerwinning behelle yn de tredde ronde fan it bekertoernoai. SC Hearrenfean wûn yn en fan Emmen mei 3-1.
Hearrenfean wie wol better, mar spile net geweldich. Elm skoarde fier yn de twadde helte de earste goal. Bas Dost skoarde 2-0, mar koart dêrnei wie it Chery dy't Emmen werombrocht. Ynfaller Väyrynen makke dien wurk troch de 3-1 te skoaren. Grutte man wie ynfaller Luciano Narsingh mei twa assists.