Nije feart foar Ritsumasyl

Ritsumasyl krijt troch de oanlis fan de Heak om Ljouwert in nije feart dy't oanslút op it Van Harinxmakanaal. De feart is foaral bedoeld foar de eigners fan de wenarken. De bewenners fan it buertskip krije ek in oansluting op de Heak.
De nije ynrjochtingsplannen waarden presintearre op in rûzige byienkomst yn Deinum. Doe't it plan op tafel kaam, ûntdutsen de bewenners saken dy't net ôfpraat wiene. Sa komt der in boartersfjild, mar dat is net nedich.