Frou fermist yn Ljouwert

Yn Ljouwert wurdt sûnt tiisdeitemiddei healwei fjouweren in frou fan 46 fermist. De frou wennet op de Ludolf Bakhuizenstrjitte en woe foar in boadskip nei de Skrâns. Se is net wer werom kommen. De frou rint min en achter in rollator. Se hie doe't se fuort gie in blauwe trui oan en in spikerbroek.
De plysje hat in burgernetaksje op tou set om nei har út te sjen.