De Rouwe bliid mei begrutting

21 sep 2010 - 21:47

Der wurdt net besunige op plannen fan Ferkear en Wettersteat foar Noard Nederlân en dat is goed nijs foar Fryslân. Dat seit Twadde Keamerlid Sander de Rouwe út Boalsert oer de miljoenenota. Der is neffens him like folle jild beskikber as ferline jier.

Earder makke plannen kinne dêrom útfierd wurde, wat wer goed is foar de ekonomy yn ús provinsje. Sa kin de rotonde by De Jouwer oanpakt wurde en bliuwe de ynvestearrings yn it iepenbier ferfier oerein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)