Twa famkes fermist

De plysje Grinslân is op syk nei twa 15-jierrige famkes út Veendam dy't sûnt sneon fermist wurde. Se binne foar it lêst sjoen op it stasjon fan Ljouwert. Lisanne Stevens en Mara Ploeger binne dêr op eigen fersyk troch twa minsken hinne brocht. Dat wie oan it begjin fan de jûn.
De famylje tinkt dat de famkes nei de rânestêd reizge binne. Sûnt sneon hat de famylje gjin kontakt mear mei de famkes hân.