Adema: miljoenenota falt ta

21 sep 2010 - 17:03

Piet Adema is as deputearre fan ferkear net ûntefreden oer de miljoenenota. Hy is bliid dat it regear ynvestearje wol yn de spoarferbinings Ljouwert-Snits en Ljouwert-Harns mei as doel dat dêr mear treinen yn de oere ride kinne. Der ride no twa treinen yn de oere, dat soene trije wurde kinne.

Yn 2011 krijt Fryslân likefolle jild foar it iepenbier ferfier as dit jier, mar Adema makket him lykwols wol soargen foar de langere termyn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)