Ein driget foar streekblêden

De kâns is grut dat in behoarlik tal streekblêden fan de Noordelijke Dagblad Combinatie yn Fryslân en Grinslân ophâldt te bestean. Utjouwer by de NDC Peter Idema befestiget dat der plannen yn dy rjochting binne. In definityf beslút wurdt binnen seis wiken naam.
Yn stêden dêr't no twa streekblêden ferskine, soe ien ferdwine moatte. By streekblêd De Mid Frieslander yn Boarnsterhim rekkenje se der ek op dat de krante ophâldt te bestean.