Sweagerbosker opnij ûndersocht

De 41-jierrige man út Sweagerbosk dy't yn jannewaris by in skoalle op It Hearrenfean mei in mes swaaide, moat wer psychysk ûndersocht wurde. Dat hat de rjochtbank tiisdei bepaald. De skieden man gong by skoalle troch it lint om't hy syn bern sjen woe. Efkes dêrfoar hie hy syn eks-frou bedrige en syn eigen hûs yn de brân stutsen. De plysje wachte him by de skoalle op en skeat him úteinlik del.
It OM hat earder dit jier trije jier sel en TBS easke.